Lange Marktstraat ôfsletten fanwege risiko gevelplaten

13 apr 2016 - 22:17

In part fan de Lange Marktstraat yn Ljouwert is woansdeitejûn ôfsletten fanwege it gefaar dat der gevelplaten fan de Avérotoer ôffalle kinne. Ynspeksje hat útwiisd dat de befêstiging fan sa'n 30 gevelplaten sa min is, dat it risiko bestiet dat se loslitte. Boargemaster Crone hat dêrom in needferoardening ynsteld. Dat betsjut dat de direkte omjouwing fan it gebou fuortendaliks ôfsletten wurdt foar alle ferkear.

It giet om it stik fan de Lange Marktstraat tusken de rotonde mei de Sophialaan en de rotonde mei de Oude Veemarkt. Tongersdei wurdt begûn mei it fêstmeitsjen fan de platen. Dat wurk duorret nei alle gedachten twa dagen.

Briedende Noardske falk

It wie al bekend dat de befêstiging fan de gevelplaten min wie. By in eardere ynspeksje begjin dit jier wie dat al oan it ljocht kaam. Om't der boppe op de toer in beskerme Noardske falk sit brieden, mocht der net trochwurke wurde yn ferbân mei de Floara- en Faunawet. It wie de bedoeling de platen nei it briedseizoen oan te pakken. De oannimmer fynt lykwols dat der in akút gefaar is. Achmea hat dêrom in ûntheffing oanfrege fan de Floara- en Faunawet.

De Lange Marktstraat is yn alle gefallen oant en mei freed ôfsletten foar alle ferkear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)