Keamerfraksje CU tsjin gaswinning by Toppenhuzen

© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
De gaswinning by Toppenhuzen moat net tastien wurde, no't út nij ûndersyk bliken docht dat de grûn mear fersakket as earst tocht. Dat skriuwt keamerlid Carla Dik fan de ChristenUnie woansdei oan de minister fan ekonomyske saken.
Yn keamerfragen freget sy wat de minister fynt fan dat nije ûndersyk. Yngenieur Houtenbos skriuwt dêryn dat de kâns op ierdbevingen by Toppenhuzen en Snits flink tanimt en dat de grûn wol 5 sintimeter sakje kin.
Bewiislêst by skea
De ChristenUnie fynt ek dat de bewiislêst foar eventuele skea omdraaid wurde moat. De bewenners hoege dan net langer oan te toanen dat dy skea feroarsake wurdt troch de gaswinning, mar it gasbedriuw Vermilion moat oantoane dat dy skea net troch de gaswinning komt.