Temapark De Spitkeet wurdt ferboud

13 apr 2016 - 17:00

Temapark De Spitkeet op De Harkema krijt safolle minsken oer de flier, dat de ûntfangstromte grutter wurde moat. It bestjoer fan it iepenloftmuseum hopet dizze hjerst mei de wurksumheden begjinne te kinnen. Behalve de ûntfangstromte sil ek de keuken grutter makke wurde.

It temapark krige ferline jier hast 17.000 besikers, wylst dat yn 2003 noch mar 6.000 wiene. Yn it temapark is te sjen hoe't de minsken yn de perioade tusken 1850 en 1950 yn dizze streek libben.

Trefwurden: 
De Spitkeet De Harkema
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)