Wykteam Snits komt yn aksje tsjin gasboarrings Toppenhuzen

13 apr 2016 - 15:49

It wykteam fan de Snitser wyk De Brekken wol de gaswinning by Toppenhuzen tsjinhâlde. Neffens Roel Luiten fan it wykteam is der op it stuit grutte ûnrêst ûnder de bewenners fan de wyk, troch it nijs dat de boaiem mar leafst fiif sintimeter sakje kin troch de gaswinning.

Ut nij ûndersyk fan ûnôfhinklik saakkundige Houtenbos, docht bliken dat de gefolgen fan de gaswinning folle grutter wêze sille as de eardere berekkeningen fan gaswinningbedriuw Vermilion.

Aksje tsjin gaswinning

Sa soe bygelyks ek de stêd Snits oerlêst krije kinne. De ynwenners fan de Snitser wyk De Brekken sitte dêr net op te wachtsjen. It wykteam komt dêrom yn aksje. Woansdeitejûn wurdt der fergadere oer in strategy tsjin de gaswinning, sa seit Luiten fan it wykteam.

''We moeten een plan bedenken om het boren tegen te gaan. We gaan contact opnemen met de omliggende wijken en de gemeente Súdwest-Fryslân, zodat we samen een goede strategie kunnen opstellen. We verwachten alleen maar nadelen door het boren. Zo zullen de huizen in waarde dalen en durven mensen geen huis meer te kopen in onze wijk. Dus wij willen zo snel mogelijk van dit verhaal af'', sa seit Luiten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)