De Klinze wurdt 'sleep experience'-sintrum

Bûtenpleats De Klinze yn Aldtsjerk wurdt in 'sleep experience'-sintrum. Dirk en Pauline van der Meulen-Boomsma fan de bêdewinkels Meulen en Baarsma ha De Klinze kocht. Se wolle yn it haadgebou fiif suites ynrjochtsje dêr't klanten oernachtsje kinne en sa de bêden probearje kinne.
It hotel, restaurant en de wellness bliuwe behâlden. It bûten bliuwt in troulokaasje.