"Sike Hegemers sitte mei rjocht yn noed oer stjoermêst"

It is mei rjocht dat ynwenners fan Heech harren soargen meitsje oer de mobile stjoermêst yn it doarp. Dat seit Peter van der Vleuten fan de Stichting Kennisplatform Elektromagnetische Straling. "Straling veroorzaakt gezondheidsklachten", sa seit Van der Vleuten. "Ik kan me goed voorstellen dat de mensen zich ongerust maken. Die onrust is terecht." Guon ynwenners fan Heech tinke dat de stjoermêst yn harren doarp foar sûnensklachten soarget.
Neffens ien fan de omwenners binne der yn 'e buert fan de mêst minimaal fyftjin minsken dy't kanker hawwe of hân hawwe troch de strieling.
De mobile stjoermêst yn Heech stiet midden yn in wenwyk, boppe in sûnenssintrum. De gemeente Súdwest-Fryslân giet mei de eigener fan de stjoermêst yn petear oer in oar plak foar de mêst.