Ljouwerter oppakt foar mishanneling buorlju
In 52-jierrige Ljouwerter is tiisdeitejûn oanhâlden foar mishanneling. De plysje waard oproppen nei oanlieding fan in rûzje tusken buorlju yn de Populierstrjitte. Nei oanlieding fan it ûndersyk dat de plysje ynstelde, is de Ljouwerter as fertochte oanhâlden.