Opsterlân stelt nije gedrachskoade op foar gemeenteried

13 apr 2016 - 11:53

De gemeenteried fan Opsterlân komt mei in nije gedrachskoade, nei oanlieding fan it rapport oer de yntegriteit binnen de gemeente. Derneist wurde ôfspraken makke oer wat te dwaan by yntegriteitkwestjes, krije riedsleden training oer yntegriteitsdilemma's en wurdt de tsjinstferliening fan de amtners nei de riedsleden ta op 'e nij besjoen.

It rapport fan Berenschot oer de yntegriteit kaam der nei oanlieding fan de kwestje rûnom soarchoanbieder Springth en riedslid Sikke Marinus.

De opstapte fraksjefoarsitter fan Opsterlands Belang hie as riedslid besocht de wethâlder en amtners entûsjast te krijen foar it bedriuw fan syn frou. De kwestje soarge foar in soad politike opskuor yn de gemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)