Plan foar nije wynmûnen by Hiddum-Houw giet troch

Tusken de tsien en fyftjin nije wynmûnen komme der by it buorskip Hiddum-Houw by de kop fan de Ofslútdyk. Yn itselde gebiet wurde der tusken tsien en tolve lytsere wynmûnen opromme. Deputearre Steaten ha besletten dat se meiwurkje oan dit inisjatyf fan Nuon en twa pleatslike partners. It is it iennichste plak op it Fryske fêstelân dêr't de provinsje nije wynmûnen tastiet. De kar foar Hiddum-Houw betsjut dat de plannen foar wynmûnen by de Penjumer Gouden Halsbân net trochgean.
Tsjin de lokaasje by Penjum wie al in soad ferset omdat lânskip en natuer dêr te bot skeind wurde soene. Deputearre Steaten fine it plak eins ek te fier fan de Ofslútdyk ôf lizzen. Boppedat waard der by Penjum mar 18 megawatt ekstra oan wynmûnen delsetten tsjin 36 megawatt by Hiddum-Houw. De ferwachting is dat de bou yn 2019 úteinsette kin.