Ynwenners Doanjum bot skrokken fan wapen- en drugsfynst

13 apr 2016 - 07:35

Ynwenners fan Doanjum binne bot skrokken fan de grutte wapen- en drugsfynst yn harren doarp. Dat seit foarsitter Jeanette Slagter fan Doarpsbelang Doanjum-Boer. Neffens har wiene de minsken dy't oanhâlden binne, bekenden fan de plysje en soargen se ek foar oerlêst yn it doarp. Slagter neamt it begrutlik dat it doarp no sa yn it nijs komt, krekt op it momint dat it opknapt wurdt en yn de wike dat nije doarpsbewenners harren kaaien krigen. Dochs sjocht doarpsbelang gjin oanlieding foar in ekstra gearkomste oer de fynst.

Trije fan de fjouwer fertochten dy't ferline wike freed oanhâlden binne, sitte noch fêst.

Trefwurden: 
wapens drugs Doanjum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)