Jistrumer rydt te hurd en troch read: rydbewiis ôfpakt

13 apr 2016 - 06:34

In 27-jierrige bestjoerder út Jistrum is tiisdeitejûn syn rydbewiis kwytrekke. De man ried mei 129 kilometer de oere oer de Grinzerstrjitwei yn Ljouwert. Dêr is 70 it maksimum. Boppedat gong de Jistrumer mei hege snelheid troch read ljocht en helle yn oer in ferdriuwingsflak. De man moat him melde foar in kursus oer feilich rydgedrach.

Trefwurden: 
rydbewiis Grinzerstrjitwei
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)