Amsterdammer rydt mear as 70 kilometer te hurd by It Fean

12 apr 2016 - 22:05

In automobilist út Amsterdam koe tiisdeitemiddei syn rydbewiis ynleverje nei in flinke snelheidsoertreding op de A7 by It Hearrenfean. De man ried yn de spits op it klaverblêd goed 70 kilometer te hurd.

De plysje mjitte in maksimumsnelheid fan 176 kilometer yn de oere, wylst dêr 100 tastien is. Neidat de Amsterdammer syn rydbewiis ynlevere hie, woe de frou it stjoer oernimme, mar dat gie net troch. It die bliken dat de frou gjin rydbewiis hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)