Frysk Fersetsmuseum rikt priis út oan learlingen It Fean

12 apr 2016 - 21:06

Nije wike tiisdei wurdt de earste Fryske Fersetsmuseumpriis útrikt oan learlingen fan de Fedde Schurerskoalle, ûnderdiel fan OSG Sevenwolden fan It Hearrenfean. Sy krije de priis foar it wurkstik dat se makken oer de 'Arbeitseinsatz' fan Friezen yn de oarlochsjierren.

Se hawwe dêrby gebrûk makke fan de brieven fan Willem van Loon, in 20-jierrige timmerman dy't yn 1942 oan it wurk setten waard op in skipswerf oan de Eastsee.

De priis is in inisjatyf fan fan it Frysk Fersetsmusuem en hat as doel om de herinnering oan de oarloch fêst te hâlden en de kennis oer de oarloch by de jongere generaasjes grutter te meitsjen.

De priis bestiet út in jildbedrach en it wurkstik komt op de webside fan it fersetsmuseum te stean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)