Plysje hinget kamera op yn Wielenpôlle nei klachten

12 apr 2016 - 17:27

De plysje hat in kamera ophong yn de wyk Wielenpôlle yn Ljouwert. Dat is dien nei klachten fan ynwenners fan de wyk. Dy fiele harren net feilich. De plysje mei neffens de wet foar koarte tiid in kamera ophingje. Hoe lang it tafersjoch yn de Wielenpôlle bliuwt, kin de plysje net sizze. It kin inkelde wiken of moannen wêze.

Ut de feiligensmonitor fan de plysje en de gemeente Ljouwert die ferline wike bliken dat yn de Wielenpôlle in groep ynwenners foar in soad oerlêst soarget. Dêrtroch binne der ek mear konfrontaasjes en mishannelingen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)