Sayaguesa-kij op Skier hawwe kealtsjes krigen

In Spaanske ko set foet op eilanner grûn
De Sayaguesa-kij dy't oktober ferline jier útset binne op Skiermûntseach, hawwe kealtsjes krigen. De Spaanske kij binne nei it eilân helle om derfoar te soargjen dat it dúngebiet net fierder tichtgroeit mei strûken en beammen. Fan de fjouwer kij ha der no twa in kealtsje krigen.
Se rinne yn in gebiet fan sa'n hûndert bunder, dêr't minsken se gewoan tsjin komme kinne as se oan it kuierjen binne. Natuermonuminten freget minsken wol om op fyftich meter ôfstân te bliuwen.