Provinsje stelt miljoenen beskikber foar Lân fan de Taal

It projekt Lân fan Taal, ien fan de grutste eveneminten fan Kulturele Haadstêd 2018, kin definityf begjinne. De provinsje stelt dêr 4,65 miljoen euro foar beskikber. Lân fan Taal hâldt ûnder oaren yn dat Fryslân it earste publykssintrum foar meartaligens yn de wrâld krijt. Dat komt yn Ljouwert, op it Aldehoustertsjerkhôf.
Fierder komme der in taaltún en in taalpaviljoen yn de Prinsetún, ferskate taalfestivals en in edukatyf programma foar skoallen.
Neffens de provinsje giet it om ien fan de grutste mienskipsprojekten fan Kulturele Haadstêd, dêr't alle Friezen, mar ek alle besikers yn 2018 wat oan ha.