Biltdiken hâlde beskerme status, moasje VVD fersmiten

12 apr 2016 - 16:13

It oanwizen fan de Biltdiken as beskerme doarpsgesicht wurdt net weromdraaid. De VVD yn de Twadde Keamer tsjinne dêr ferline wike in moasje oer yn. Dy waard tiisdeitemiddei fersmiten.

Neffens de VVD hawwe benammen boeren grutte soargen oer de beskerme status, omdat se tinke dat útwreiding fan harren bedriuw dêrtroch lestiger wurdt. De partij fynt boppedat dat it stânpunt fan de gemeenteried swier weagje moat. De ried wie tsjin de oanwizing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)