Súdwest-Fryslân oerleit mei eigener stjoermêst Heech

De stjoermêst yn Heech © Omrop Fryslân, Andries Bakker
De gemeente Súdwest-Fryslân giet mei de eigener fan de stjoermêst yn Heech yn oerlis oer in oar plak foar de mêst. Dy mêst soarget foar in soad ûnrêst yn it doarp. Neffens ynwenners fan Heech binne tsientallen minsken mooglik slim siik wurden troch de mêst. Se roppe de gemeente op om de mêst te ferpleatsen.
Neffens Súdwest-Fryslân is de fêste mêst op Talma State fuorthelle fanwegen in ferbouwing en stiet der no in tydlike mêst. Der is in oanfraach dien foar it pleatsen fan in nije mêst, mar der binne beswieren tsjin oantekene.
Fanwegen de beswieren wol Súdwest-Fryslân mei de oanfreger yn petear om de stjoermêst te ferpleatsen. Komme se der net út, dan sil de beswierekommisje in harksit hâlde oer de oanfraach.