Wytmarsum makket protestliet tsjin gemeente oer azc

12 apr 2016 - 12:13

Ynwenners fan Wytmarsum ha in protestliet makke om yn aksje te kommen tsjin de mooglike komst fan 200 asylsikers nei it doarp. De gemeente wol in asylsikerssintrum realisearje yn it âld kleaster fan Wytmarsum, mar der is in soad wjerstân tsjin de plannen. De ynwenners fiele harren negearre troch de gemeente en boargemaster Hayo Apotheker. Se fine dat de gemeente net opkomt foar de belangen fan de ynwenners fan Wytmarsum.

Letter tiisdei jout de gemeente in parsekonferinsje oer de plannen foar it asylsikerssintrum yn Wytmarsum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)