Plysje hâldt aksje tsjin slûpferkear by Drachtsterwei

© Kappers Media
Tsientallen automobilisten dy't tiisdeitemoarn besochten fia de ôfrit Suderbuorren de file op de Drachtsterwei yn Ljouwert te omsilen, binne oansprutsen troch in motorplysje. Neffens de plysje komme der in soad klachten fan wykbewenners dy't oerlêst ûnderfine fan de automobilisten. Derneist soargje de automobilisten foar gefaarlike situaasjes om't se fluch de Drachtserwei wer opride wolle, wylst it ferkear dêr minder hurd rydt.
Bestjoerders dy't oan de ein fan de oprit op ´e rotonde fuortendaliks wer rjochtút rieden, waarden dêrom troch in motorplysje oansprutsen. De plysje warskôget dat dizze kontrôles de kommende dagen werhelle wurde. Bestjoerders wurde dan ek foar in kontrôle meinaam nei in parkearterrein yn de buert.