Natoer spekkeaper nei streek troch Wyldemerkplannen

11 apr 2016 - 22:23

Der komt definityf in ein oan de plannen foar bewenning fan it Wyldemerkterrein by Harich. De trije eigeneres, Lieuwe Zijlstra, Douwe Jaarsma en Romke Falkena, binne al drok dwaande om de gebouwen dy't der noch steane fuort te heljen en nei oare plakken te ferhúzjen.

De eigeners hienen der graach in fakânsjeoard foar kliïnten foar soarchgroep Hof en Hiem fan meitsje wollen. Mar in bewennersferiening ûnder de namme Campus Nee fersette him dêr tsjin. Mei sukses.

It terrein wurdt no weromjûn oan de natoer. Op in grut stik grûn oan de oare kant fan de dyk komme mooglik bedriuwsgebouwen.

Trefwurden: 
Wyldemerk Harich natoer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)