Plysje pakt rydbewizen ôf fan hurdridende motorriders

In 22-jierrige motorrider út Bûtenpost is moandeitemiddei syn rydbewiis kwytrekke. De begjinnende motorrider ried goed 160 kilometer yn de oere op de N356 by Broeksterwâld op de Sintrale As. Op dy dyk is 100 kilometer yn de oere tastien. Tsjin de man is proses-ferbaal opmakke.
Ek op de Koaiwei yn Offenwier is in motorrider pakt dy't fierstente hurd ried. In 59-jierrige Ljouwerter waard dêr pakt om't er 120 kilometer yn de oere ried, wylst 60 kilometer yn de oere it maksimum is. De Ljouwerter is troch de oertreding syn rydbewiis kwyt.