Klijnsma: "Frijwilligers moatte minsken mei skulden helpe"

11 apr 2016 - 20:05

Steatssekretaris Jetta Klijnsma fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid hat oproppen ta mear frijwilligers as 'schuldhulpmaatje'. Se die dat doe't se op wurkbesite wie yn de Ljouwerter wyk Oud Oost.

Neffens de steatssekretaris is de gearwurking fan sokke skuldhelpmaatsjes en sosjale wykteams belangryk om der foar te soargjen dat minsken dy't skulden hawwe om help sykje. "Als je een beetje ervaring hebt met financiën, en je hebt wat tijd over, dan is het toch geweldig om een maatje te kunnen worden?"

"Mensen die zich in Leeuwarden geroepen voelen, wil ik dan ook van harte aanbevelen om zich aan te melden als schuldhulpmaatje bij de sociale wijkteams," sei de steatssekretaris by har besite.

Fan it Vliet ôf gong in delegaasje mei de steatssekretaris troch it Cambuursterpad nei it wyksintrum Oud Oost oan it Cambuurplein. Dêr prate se mei minsken fan it wykteam, en mei ferskate skuldhelpmaatsjes. De Ljouwerter wenwyk Oud Oost heart by de earmste wiken fan Nederlân.

Der wurkje op it stuit alve maatsjes yn Ljouwert dy't minsken mei finansjele swierrichheden helpe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)