Menameradiel hâldt fêst oan fytsbrêge by Ritsumasyl

It gemeentehûs fan de gemeente Menameradiel © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De gemeenteried fan Menameradiel wol definityf in fytsbrêge by Ritsumasyl en net by Deinum. Dat hat de ried moandei bekendmakke. Dêrmei hâldt de ried fêst oan it eardere beslút oer de lokaasje fan de fytsbrêge.
Fanwegen protesten tsjin dit eardere beslút, moast de gemeente de kar foar Ritsumasyl nochris motivearje by de Ried fan Steat. Dat is no bard. De gemeente wiist op romtlike en ferkearskundige foardielen. Ek fanút kultuerhistoarysk en rekreatyf eachpunt, soe in fytsbrêge by Ritsumasyl de bêste kar wêze.