RTL: "Belangeferfrisseling by soarchgroep Alliade"

It kantoar fan Alliade op It Hearrenfean © Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma
Neffens eksperts is der sprake fan ferbeane belangeferfrisseling by thússoarchoanbieder Alliade op It Hearrenfean. Twa direkteuren hawwe foar miljoenen euro's oan opdrachten oanbestege oan soarchbedriuwen dêr't se sels eigener fan binne. Dat docht bliken út ûndersyk fan RTL Nijs.
Alliade befêstiget de konstruksje en de belangen fan de direkteuren. De belangeferfrisseling soe lykwols net bedoeld wêze foar selsferriking, mar soe yn de praktyk sa groeid wêze.
De ried fan tafersjoch fan Alliade sil net optrede tsjin de gong fan saken. Wol komt der in ekstern ûndersyk nei it finansjeel hanneljen fan de beide direkteuren fan it bedriuw.
De tafersjochhâlders geane net frijút, seit Riek van Kampen fan fakbûn FNV. ‘Zij hadden moeten optreden tegen deze gang van zaken. Dit hebben zij niet gedaan en daardoor kon deze rare constructie ontstaan. Dit soort constructies, waar in ieder geval een zweem van belangenverstrengeling omheen hangt, moeten in de toekomst verdwijnen.’