Kening lokwinsket Alyda Norbruis mei WK-titel

In grutske Alyda Norbruis, hjir tegearre mei kollega-winner Arnoud Nijhuis © KNWU
Paralympysk hurdfytster Alyda Norbruis fan Oerterp krige dit wykein keninklike post. Norbruis wûn op 18 maart dit jier it goud op de 500 meter tiidrit by it WK oanpast hurdfytsen yn it Italiaanske Montichiari. It is har tredde wrâldtitel op rige op dizze ôfstân.
En dus krige se fan kening Willem-Alexander in brief thús mei de lokwinsken. Ferline kear krige Alyda ek al in brief fan de kening. Yn 2012 kaam der post fan keninginne Beatrix mei lokwinsken foar har earste wrâldtitel.
De hurdfytster fan Oerterp is mar wat grutsk op de keninklike brieven. "It bliuwt bysûnder om dy enveloppe op de matte te krijen."