Minister Blok: "Grûnpriis erfpachters Skylge is reedlik"
Minister Stef Blok hâldt fêst oan de priis fan grûn op de Waadeilannen. Neffens Blok freget it Ryk net in te hege priis foar de grûn dy't yn behear is fan Steatsboskbehear. Dat soe neffens de minister bliken dwaan út ûndersyk fan wittenskippers fan de universiteiten yn Amsterdam en Maastricht.
De erfpachters op it eilân en oare saakkundigen fine dat it Ryk te folle jild freget, wêrtroch sy nea eigener fan de grûn wurde kinne. De diskusje oer de ferkeap fan grûn op Skylge, Flylân en Teksel spilet al jierren.