Grinzer automobilist rydt te hurd yn Drachten

11 apr 2016 - 10:38

De plysje yn Drachten hat sneintemiddei it rydbewiis fan in 36-jierrige automobilist út Grins yn beslach naam. De man ried mei 105 kilometer oer it Noarderein en dat is hast twa kear safolle as de maksimum snelheid.

De plysje sette him dêrom oan de kant en naam syn rydbewiis yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)