Alkoholkontrôle TDF Schoolparty: hast 30 bern dronken

By in grutte alkoholkontrôle ûnder besikers fan de TDF Schoolparty yn Berltsum hiene sneontejûn hast tritich jongeren te folle drank op. Ien famke hie sa folle dronken, dat se út de tiid rekke. Se is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.
De kontrôle wie in inisjatyf fan de plysje, Ferslavingssoarch Noard-Nederlân en de organisaasje fan it feest. Fan de 1400 besikers diene 900 frijwillich mei oan de kontrôle. De bedoeling wie om mei de jongerein yn petear te gean oer it gebrûk fan alkohol.
De útkomsten sille gjin strafrjochtlike gefolgen ha.