Plysje-ynset by Cambuur kostet miljoenen

11 apr 2016 - 09:51

De thúswedstriden fan Cambuur hawwe de plysje yn de seizoenen 2013/2014 en 2014/2015 goed 2,3 miljoen euro koste. Dat docht bliken út sifers fan de plysje dy't RTL yn hannen hat. Foar in wedstriid fan de Ljouwerters moast de plysje gemiddeld 626 manoeren ynsette.

Dat is hast twa kear safolle as it lanlike gemiddelde oer alle profklups rekkene. Neffens de plysje komt de hege ynset by Cambuur ûnder oaren troch de lizzing fan it stadion midden yn in wenwyk. Ek spilet de fanatike oanhing in rol.

By Sportklup Hearrenfean hat de plysje yn beide seizoenen sa'n 1,4 miljoen útjaan moatten foar de ynset. Ek Hearrenfean sit dêrmei boppe it gemiddelde. Yn totaal koste de plysje-ynset lanlik oer 2013/2014 en 2014/2015 goed 30 miljoen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)