Ynternasjonale oefening Frisian Flag set útein yn Ljouwert

11 apr 2016 - 08:59

De grutte militêre oefening Frisian Flag set moandeitemoarn útein. Twa wiken lang traine jachtfleaners út ferskate NAVO-lannen boppe de Waadsee komplekse oefeningen. Twa kear deis starte de fleantugen fan de fleanbasis. Moarns tusken 9 en 9.30 oere en middeis tusken 13 en 13.30 oere. De piloaten út alve ferskate lannen oefenje om goed gear te wurkjen by grutte ynternasjonale operaasjes.

De omwenners fan de fleanbasis moatte de kommende wiken wenne oan it leven om har hinne. Mar de fleanbasis hat ôfspraken mei harren makke.

Sa sille piloaten besykje it gebrûk fan de saneamde 'naverbrander' te beheinen. Dat skeelt in soad lûdsoerlêst.

Bocht om Marsum

Fierder hoopje de omwenners dat de piloaten goed bypraat wurde oer de sitewaasje by de fleanbasis, seit wurdfierder Geert Verf út namme fan de omwenners. "De piloaten dy't hjir bekend binne, meitsje nei de start in bocht nei rjochts. Dan fleane se wat fierder by Marsum wei. Wy hoopje dat de fleanbasis dit yn de briefing ek oan de oare piloaten útlizze sil."

Verf seit dat yn Marsum de kommende twa wiken geregeld mjittings dien wurde om de lûdsoerlêst yn de gaten te hâlden. Is der in soad oerlêst, dan sil Verf yn petear mei de fleanbasis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)