Kollum: "Min skiep"

11 apr 2016 - 08:40

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.

"Nederlân stimde foarige wike massaal tsjin it assosjaasjeferdrach mei Oekraïne. Ek hjir yn Fryslân follen wy oerwagend it fakje mei 'nee' yn. Mar neffens my wie it net sa sear in nee tsjin Oekraïne, mar mear in nee tsjin de EU en Den Haach. Wy ha simpelwei skjin ús nocht fan al dy regeltsjes fan boppe-ôf. Want it liket sa stadichoan wol as meie wy neat mear sels betinke.

Nim as foarbyld de doarpsmûne fan Reduzum. Yn Reduzum ha se al mear as 20 jier mei syn allen in wynmûne. It doarp wie ien fan de foarrinners fan duorsume enerzjy en de mûne waard dan ek yn eigen behear oprjochte. Al sa’n 20 jier draaie de wiken alle dagen harren fêste rûntsjes en smite sa hiel wat enerzjy en dêrmei ek jild op. Jild dat yn it eigen doarp bliuwt. Sa kocht it doarp ûnder oaren sinnepanielen foar de nije basisskoalle, isolaasje foar de sportkantine, in skoalbus en jiske-amers foar yn de boarterstún. Mei oare wurden: gjin doarp dat sa miljeubewust mei syn doarpsmûne omgiet as Reduzum.

Mar nei 20 jier is de mûne op. En dus frege it doarp om in nij, grutter eksimplaar. In grutte mearderheid yn it doarp wie foar en der waard aardich wat jild binnenhelle. Mar de provinsje stekt der no in stokje foar. Yn it koälysjeakkoart stiet nammentlik dat der gjin nije wynmûnen op it fêste lân komme meie. En dêr hâldt de provinsje oan fêst. It mei dan noch sa’n goed plan wêze: regels binne no ienkear regels.

Ek yn Jorwert ha se in moai plan betocht. It doarp wol flechtlingen opnimme yn it âlde doarpshûs. De ynwenners fan Jorwert stean massaal efter de plannen om fan it doarpshûs in opfangplak te meitsjen foar in gesin út Syrië. Heit, mem en acht bern krije hjir aanst in prachtich plak. Mar dêrfoar moat it doarpshûs noch wol ferboud wurde. En sa'n ferbouwing is fansels net om 'e nocht, dus moat der jild komme.

Gelokkich dielt de oerheid subsydzjes út foar dit soarte inisjativen. Perfekt, soest sizze. Wie it net dat der oan dizze subsydzjes - jo riede it al - regeltsjes fêst sitte. Sa krigest allinnich jild asto op syn minst fjouwer folwoeksen flechtlingen opfangst. En dat is no krekt wat se yn Jorwert nét wolle. It doarp kiest bewust foar ien húshâlding, dat opnaam wurde kin yn it doarpslibben. De bern gean der nei skoalle, komme by de keatsklup en heit en mem spylje aanst mei yn de iepenloftspullen.

Mar regels binne regels: gjin fjouwer folwoeksenen betsjut gjin jild. En dus krije se yn Jorwert gjin subsydzje foar de ferbouwing. Krekt as yn Reduzum jildt: it kin noch sa’n moai plan wêze, mar it giet net troch.

Beide foarbylden jouwe oan hoe bryk it hjir yn Nederlân somtiden regele is. Den Haach wol mear dwaan mei duorsume enerzjy, dus komme der oeral wynmûneparken. Mar ien nije wynmûne yn Reduzum? Nee, dat mei net. En wy moatte mei ús allen de ferantwurdlikheid nimme foar de opfang fan flechtlingen, mar jild om it prachtige plan yn Jorwert te stypjen? Nee, dat is der net. En dat komt troch al dy regeltsjes fan boppe-ôf. Skjin ús nocht ha wy der yntusken fan. En dus stimden wy massaal nee foarige wike. Nee tsjin regels en bemuoienis.

Wat dat oanbelanget soene se dêr yn Den Haach wat mear in foarbyld oan Jorwert en Reduzum nimme moatte. Beide inisjativen binne foarbylden fan wat wy hjir mienskip neame. Net eamelje, mar mei ús allen de skouders der ûnder sette om it better te meitsjen foar no en yn de takomst. Mienskip, it wie it toverwurd dat ús as provinsje Kulturele Haadstêd fan 2018 makke hat.

Mar hoe faak oft wy it wurd mienskip ek brûke, yn Den Haach binne se der dôf foar. Sterker noch: se kinne it net iens skriuwe. ‘Min skiep’ stie der yn de lanlike kranten doe’t wy ta Kulturele Haadstêd útroppen waarden. En miskien is dat krekt it probleem wol. Us hoeders yn Den Haach sjogge ús as minne skiep, dy’t net lústerje wolle. Dy’t krekt de oare kant op keutelje, dwers tsjin de keppel yn. En elke hoeder wit: oan dwerse skiep moast nea tajaan. Dy moast mei hurde hân by de keppel hâlde. Want ek yn Den Haach kenne se de siswize: “As der ien min skiep oer de daam is...”

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)