Plysje trappearret dronken snorfytster yn Ljouwert
In 31-jierrige frou út Ljouwert is moandeitemoarn betiid oanhâlden om't se mei te folle drank op ried. De snorfytster waard op it Noardvliet oan de kant set troch de plysje.
It Iepenbier Ministearje bûgt him oer de straf dy't de frou krijt. Se mocht yn alle gefallen twa oeren net ride.