D66 Ljouwert hat fragen oer fergunning foar Psy-Fi

11 apr 2016 - 08:20

De fraksje fan D66 yn Ljouwert set fraachtekens by de fergunning foar it Psy-Fi festival, no't de gemeentlike beswierekommisje sein hat dat de fergunning dy't yn 2015 ôfjûn is, net doocht. Neffens de kommisje binne beswieren fan omwenners tsjin de fergunningsoanfraach yn 2015 net serieus meinaam.

D66 fynt dat fergunningen mei soarch ôfjûn wurde moatte en wol dêrom dat foar de oanfraach fan dit jier in ekologysk ûndersyk dien wurdt. Dêrneist wol de fraksje in reaksje fan it kolleezje op it stânpunt fan de beswierekommisje.

Dy reaksje wol de fraksje dan brûke by de diskusje oer it takomstige evenemintebelied fan Ljouwert.

Trefwurden: 
Psy-Fi fergunning Ljouwert D66
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)