"Dantumadiel moat him hielendal weromlûke út fúzjetrajekt"

11 apr 2016 - 08:09

Dantumadiel moat ophâlde mei de amtlike fúzje mei de gemeenten Dongeradiel, Kollumerlân en Ferwerderadiel. Dat fynt de SGP-fraksje yn Dantumadiel. De fraksje seit dat der in nuvere sitewaasje ûntstien is, no't Dantumadiel net meidocht oan de gemeentlike fúzje, mar wol oan de amtlike fúzje.

Dy lêste is net yn it belang fan de gemeente, seit it SGP, om't Dantumadiel dan te folle ôfhinklik wurdt fan de oare gemeenten. Derneist binne der juridyske tûkelteammen en soe in amtlike fúzje djoer útpakke.

De fraksje wol dêrom in nije diskusje op gong bringe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)