Johanna Kommerie tefreden oer 'kofferguys' Miljoenenjacht

10 apr 2016 - 22:10

Yn de lêste ôflevering fan it RTL4-programma Miljoenenjacht wie it sneintejûn dan dochs echt safier: 26 kreaze manlju dy't de kofferkes de studio ynbrochten. En dat troch in slagge Facebook-aksje fan blogster Johanna Kommerie fan Damwâld. Sy woe de knappe froulju yn it programma graach ris ferfange troch 'kofferguys'.

Presintatrise Linda de Mol fûn dat in alderaardichst idee, mar dan hie Kommerie wol mar leafst 260.000 likes nedich op Facebook, 10.000 foar elke kofferguy. Dat tal waard sûnder muoite helle.

Oan it begjin fan de útstjoering fan snein wie De Mol entûsjast doe't se tusken de manlju rûn. "Heel leuk dat het gelukt is. Voor één keertje speciaal voor alle meisjes, de kofferguys!" Johanna Kommerie wie sels ek bot te sprekken oer de útsjoering mei de kofferguys. "Hartstikke leuk! Se hienen in moai stel manlju útsocht en der wie foar elk wat wils."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)