"Ynwenners Heech binne slim siik wurden troch stjoermêst"

11 apr 2016 - 05:30

Tsientallen ynwenners fan Heech binne mooglik slim siik wurden troch de oanwêzigens fan de stjoermêst yn it sintrum fan it doarp. Se roppe de gemeente Súdwest-Fryslân op om de stjoermêst te ferpleatsen nei in oar plak. De ynwenners lizze sels in direkte link tusken harren sûnensklachten en de stjoermêst op it dak fan it sûnenssintrum.

No't de ûnrêst foaral oan de Molefinne en Tollewei grutte foarmen oannimt, hawwe ferskate ynwenners in beswierskrift yntsjinne by de gemeente. Dy moat de mêst sa gau as mooglik ferpleatse, sizze se.

Ien fan de minsken út Heech dy't in beswierskrift skreaun hat, Gerben Postema, hat it ferbân lein tusken de oanwêzigens fan de mêst en de sûnensklachten. Hy mjitte nei sûnensklachten fan syn frou in strieling dy't wol tweintich kear heger wie as normaal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)