Fuotbalfroulju Oranje ûnder 19 gean nei EK yn Slowakije

10 apr 2016 - 17:13

De fuotbalfroulju fan Oranje ûnder 19 jier hawwe har pleatst foar it Europeesk kampioenskip. De ploech fan trainster Jessica Torny hie nei de oerwinningen op Tsjechië en Wyt-Ruslân noch ien punt nedich tsjin Finlân. Dat slagge op it nipperke, want troch in goal fan Sisca Folkertsma út Sleat waard it yn de 90e minút, nei in 1-0 efterstân, dochs noch 1-1. Dêrmei waard Oranje U19 earste yn de pûl en meie se har opmeitsje foar it EK letter dit jier yn Slowakije.

Neist Folkertsma spilet ek Lysanne van der Wal fan De Jouwer yn dit suksesfolle team.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)