SC Hearrenfean pakt fertsjinne oerwinning op AZ

SC Hearrenfean hat sneintemiddei nei in sterke wedstriid yn it Abe Lenstrastadion mei mar leafst 4-2 wûn fan AZ. Al yn de njoggende minút kamen de Feansters op foarsprong troch in eigen doelpunt fan Ron Vlaar. Ek Mitchell te Vrede krige noch in grutte kâns foar rêst, mar it bleau by ien doelpunt foarsprong by it skoft.
Nei rêst waard it al gau 2-0 foar Hearrenfean troch Joey van den Berg. It fenyn siet him yn it lêste kertier fan de wedstriid. AZ makke de 2-1 troch Dos Santos, mar binnen fiif minuten makke Zeneli dien wurk foar de thúsploech.
Slagveer krige it publyk noch op 'e banken mei de 4-1. Vincent Janssen makke de stân krekt wat draachliker yn de 90ste minút, mar de winst gie nei Hearrenfean.
Troch de oerwinning fan Hearrenfean komt de ploech fan Foppe de Haan mei 40 punten út 30 wedstriden op it tsiende plak yn de earedifyzje telâne.