Danny Noppert goait seldsume 9-darter yn Dútslân

© www.ndbdarts.nl
Darter Danny Noppert fan De Jouwer hat sneintemoarn op in darttoernoai yn it Dútske Kirchheim in seldsume 9-darter goaid. Hy die dit yn syn wedstriid tsjin lângenoat Frans Harmsen, dy't de Fries mei 4-2 wûn. Danny Noppert spilet dit wykein foar de Nederlânske seleksje it 4 Nations Tournament tsjin Dútslân, België en Lúksemboarch.
Sneon wûnen de Nederlânske darters al it teamtoernoai yn Kirchheim, snein steane de yndividuele wedstriden op it programma. Ek de Snitser Rick Hofstra is fan ´e partij.