Kollum: ''Stewards''

© ANP
Roelof de Vries is sportferslachjouwer by Omrop Fryslân. Hy is fansels in echte sportfanaat en folget foaral SC Hearrenfean, Aris en it shorttrack op 'e foet. Sa no en dan skriuwt er in kollum oer saken dy't er tsjinkomt yn syn wurk. Roelof is te folgjen op Twitter.
''Ik warskôgje alfêst mar efkes. Dat jimme it efkes witte. Der binne útsûnderings. Dat wit ik wol. Se bedoele it net ferkeard. Se dogge ek mar wat harren oplein wurdt. Mar doch.
Ik haw in gloeiende hekel oan stewards. Ik wurkje no rom tsien jier yn de sjoernalistyk en der is gjin slach folk dêr't ik minder oer kin as stewards. Altyd dwers lizze, nea meiwurkje en foaral yrritearje. "Ja meneer, die opdracht heb ik gekregen." Ja, as de direksje wol datst yn de sleat springst... Parkearstewards binne it slimst. Noch nea seach ik safolle rûzjes tusken kollega's en parkearstewards. Autoritêre mantsjes, dêr't it al âlde sprekwurd echt foar jilde moat: dy ha thús neat te sizze. Kin net oars.
It heurt niet zo. Ik wit it. It hat gjin sin en is wat ûnfatsoenlik. Mar ik moast dizze ergernis efkes kwyt. Dit wykein hie ik wer twa fan sokke mominten. Wy fan de regionale omroppen wurkje tsjinwurdich faak as soarte fan onemanband. Dat betsjut dat we in soad materiaal by ús ha. Sa ek dizze sneon yn Doetinchem by De Graafschap-Cambuur. Kameratas, statyftas, radioferslachtas, laptoptas en in tas mei wat iten, drinken en in kladblokje. Mei om dy reden ha ik in ynfalideparkearkaart oanfrege. Ik kin muoilik rinne en hielendal mei safolle spullen. Pear wiken lyn by De Graafschap-Hearrenfean gjin probleem. Moai plak tichteby de parseyngong. No by itselde plak, oare steward: "U mag hier niet staan. Waarom niet? Instructies meneer. Paar weken geleden wel? Nee hoor. Waar u dan moet staan? Geen idee."
Stel no dat je yn in rolstoel sitte en je geane allinnich nei sa'n wedstriid, dan komme je der dus gewoan net yn. Nei de wedstriid ynterviews dwaan yn de mixed zone. Ek altyd sa'n moai fenomeen. Dêr stean dan faak strepen. Wêr't je dan as parse efter stean moatte. Faak stean je dan mei 15 oant 25 man op elkoar proppe. Want stel je foar dat je as parse tichteby komme! No stie in groep kollega's oer dy streep te praten mei Cambuur-spiler Kevin van Veen. Komt der in steward oan dy't de hiele groep ûnder it ynterview nei efteren triuwt. De krantekollega sjocht de man oan? "Wilt u even van mij afblijven? Nee? Ik blijf hier staan. Als dit niet fatsoenlijk kan. Wat is uw probleem? Wat is er mis met hier staan?" Antwurd: "Instructies meneer."
Snein yn Kerkrade kom ik it stadion yn rinnen. In steward moat in nije steward ynwurkje. "En kijk, als ze dus achter die streep gaan staan, dan moet je optreden. Dan móét je ze wegsturen." Ik sjoch it efkes oan en sjoch dat dêr wêr't we de lêste tsien jier oars wol altyd stean mochten, dat no ynienen net mear mei. Wat it nut der dan is, freegje ik de steward. "Instructies meneer."
By dizze in oprop oan alle stewards: doch normaal! En in oprop oan de direksjes fan Cambuur en Hearrenfean. Goai de boel iepen. Lit sjoernalisten oeral ta, oant 'e mei de klaaikeamer. Giet wol hiel fier? Yn Amearika dogge se it gewoan hear. Wat moat der foar ús geheim bliuwe? Topsport is foar it folk. Foar it publyk. Lit dy emoasjes sjen. Wat is dêr mis mei?
PS Dit stik jild net foar de stewards by Hearrenfean en Cambuur. Dy binne top. En kom ik wer tsjin.''