Snits Wyt Swart Boso spilet mei 0-0 lyk tsjin UNA

09 apr 2016 - 21:31

Snits Wyt Swart Boso Snits hat sneontejûn op eigen fjild mei 0-0 lyk spile tsjin UNA út Veldhoven. Beide ploegen krigen ferskate kânsen, mar kamen sawol yn de earste as yn de twadde helte net ta skoaren.

Ek doe't Huiben fan UNA yn de 76e minút in reade kaart krige en fan it fjild moast, slagge it de Snitsers mei in man mear net om op foarsprong te kommen. Yn de 89e minút moasten ek de Snitsers mei tsien man fierder troch in blessuere fan Nzoko. Beide ploegen besochten it noch yn de 7 minuten ekstra tiid, mar de stân bliuw stykjen op 0-0.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)