Beheinde trochfeart by brêge oer PM-kanaal Skûlenboarch

09 apr 2016 - 19:45

Troch in oanfarring is sneontemoarn it remmingswurk fan de brêge oer it PM-kanaal by Skûlenboarch skansearre rekke. Dêrtroch is de ûndertrochgong oan de noardkant stremd foar skippen dy't fanút Grins wei komme. De súdlike ûndertrochgong kin wol gewoan iepen. Dit betsjut dat der mar ien skip tagelyk ûnder de brêge troch kin.

De beheinde trochfeart bliuwt fan krêft oant it remmingswurk wer makke is. It is noch net dúdlik wannear't dat is.

Trefwurden: 
oanfarring Skûlenboarch
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)