Harkemase Boys fiert noch gjin feest nei lyk spul tsjin AZSV

Harkemase Boys moat noch even wachtsje mei it kampioensfeestje. De Harkiten spilen sneon op eigen fjild mei 1-1 lyk tsjin AZSV. Op sportpark De Bosk hiene de Boys in minne start. Yn de 34e minút kamen se op efterstân en moast de ploech fan trainer Jan Vlap op syk nei de lykmakker. Dat slagge pas nei rêst, doe't Robert Stelpstra nei in oere spyljen de lykmakker op it boerd sette. Mei noch 10 minuten op de klok fersomme Joram Smits de winnende treffer te meitsjen.
Konkurrint Staphorst pakte wol 3 punten troch mei 2-1 te winnen fan ACV.
Dêrtroch bliuwt it noch in bytsje spannend boppe-yn de haadklasse C. Harkemase Boys hat in foarsprong fan acht punten op Staphorst mei noch fjouwer wedstriden te gean.