Jetta Klijnsma giet op besite by Ljouwerter wykteam

09 apr 2016 - 16:02

Steatssekretaris Jetta Klijnsma giet moandei del by it wykteam Oud Oost yn Ljouwert. Se wol hjir mear te witten komme oer de gearwurking tusken SchuldHulpMaatje en it Sosjale Wykteam.

Se begjint har besite mei een kuiertocht troch de wyk mei teamlieder Fettje Nolles fan it wykteam en koördinator Stieneke Akkerman fan SchuldHulpMaatje. Dernei praat se yn it wyksintrum mei in maatsje en de oanfreger fan it maatsje. Wethâlder Harry van der Molen sil dêr ek by wêze.

Der bin 14 maatsjes dy't foar SchuldHulpMaatje Ljouwert wurkje. Dizze minsken helpe oare minsken mei it op oarder bringen fan finânsjes. De gearwurking mei it Sosjale Wykteam soarget derfoar dat se better op de hichte binne fan wat der spilet by minsken.

Klijnsma hat in soad nocht oan de besite seit se. "Ik zet mijn oren goed open, want ik ben benieuwd naar het verhaal van Leeuwarden. Dankzij de samenwerking tussen sociale wijkteams en SchuldHulpmaatje krijgen mensen in Oost Leeuwarden hun leven weer op de rails. Daar gaat het om, want iedereen kan in de financiële problemen komen en dan is het van onschatbare waarde als er mensen zijn die je bijstaan."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)