Alvestêdeferiening oefenet foar de tocht

De Alvestêdeferiening hat sneontemoarn oefene mei it ynskriuwen fan reedriders foar de folgjende Alvestêdetocht. Oardel jier lyn is de feriening oergien mei it talitten fan alle leden oan de tocht. Ek is de ynskriuwing folslein digitalisearre. Yn de winter hat de feriening test oft alles goed wurket. Sneon is opnij oefene mei it systeem om te tsjekken oft alles yn de praktyk ek nei winsk ferrint. De oefening is goed ferrûn, meldt foarsitter Wiebe Wieling. "It rûn as in tierelier."