WL19 wer werom by de orizjinele eigener

09 apr 2016 - 11:02

De aak fan Moddergat, de 'WL19', is werom by de eigener. Twa jier lang hat Lauwersoog Water Events mei de replika fan dit fiskersskip út de 19e iuw fearn. No docht bliken dat it skip net goed mear past yn it konsept fan Lauwersoog Water Events.

It bestjoer fan de Aak, Stichting It Fiskersskip, hat yn oerlis mei Lauwersoog Water Events besletten dat de WL19 op in oare wize brûkt wurde sil. De stichting jout de Aak no oer oan de stifting Musea Noardeast Fryslân. Dizze stichting hat in beskieden float, dêr't de WL19 no ek ta heart.

It skip leit no yn de winterhaven fan Dokkum, by de Helling yn it Grootdiep. Der is grut ûnderhâld oan it skip pland. Ek wurdt der sjoen oft it skip miskien nei in partij kin dy ûnderfining hat mei it eksploitearjen fan histoaryske skippen.

Trefwurden: 
WL19 musea
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)