Djoere Porsche op 'e kop yn de sleat yn Drachten

09 apr 2016 - 10:26

Op de Noarderdwersfeart yn Drachten is sneon op de betide moarn in djoere auto op de kop yn de sleat bedarre. It giet om in Porsche Cayenne, dy't troch noch ûnbekende oarsaak fan de dyk rekke is. Yn de berm binne remspoaren te sjen. De helptsjinsten waarden massaal oproppen, en sochten yn earste ynstânsje yn de sleat nei slachtoffers. Letter die bliken dat de fiif passazjiers al fuort wiene. Sy hiene by in buertbewenner oanbelle. De 37-jierrige bestjoerder is oanhâlden foar it ferlitten fan it plak fan it ûngelok.

Trefwurden: 
ûngelok
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)