De Bazuin wint titel yn 5e difyzje op ONFK yn Drachten

08 apr 2016 - 22:58

'De Bazuin' fan De Tynje is mei 87.33 winner wurden yn de 5e difyzje fan it Open Nederlandse Fanfare Kampioenschappen (ONFK) dat freed en sneon hâlden wurdt yn de Lawei yn Drachten. Oan it ONFK dogge 38 orkesten mei wêrfan santjin út Fryslân.

Winner fan de 4 difyzje is 'CMV Prins Hendrik' fan Scheemda ûnder lieding fan de Fryske dirigint Gosse Reijenga wurden. Bêste Fryske fanfare yn dizze difyzje wie 'Looft den Heer' fan Boarnburgum ûnder lieding fan Jappie Dijkstra.

Sneon fan 10.30 oere ôf is it de beurt oan de 3e en 2e difyzje. Sneontejûn komme de fanfares fan de 1e difyzje foar it fuotljocht. Dit alles is te folgjen fia de livestream fan Omrop Fryslân. 

Trefwurden: 
ONFK Drachten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)