Sealfuotbalfroulju Drachten pleatse harren foar play-offs

08 apr 2016 - 22:43

De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys hawwe harren freedtejûn pleatst foar de play-offs. Yn Noord-Scharwoude wûnen de Drachtsters mei 8-2 fan de sealfuotbalfroulju fan Dansschool Biersteker/Plubos.

Mei de pleatsing foar de play-offs docht Drachtster Boys noch hieltyd mei om it nasjonaal kampioenskip. De boppeste fjouwer ploegen út de earedifyzje stride dêryn tsjin mekoar om de titel.

Drachtster Boys kaam freed yn de earste helte al gau op foarsprong, troch in goal fan Esther van Toledo. In minút letter makke Vera Veelers ek de 2-0. Toledo makke de 3-0.

Flak foar de rêst knalde Jessie Prijs de 4-0 binnen. Lotte Donath makke it lêste Drachtster doelpunt foar it skoft: 5-0. Ut in counter makke Dansschool Biersteker/Plubos noch de 5-1.

Nei it skoft wreide Drachtster Boys de score fierder út mei goals fan Sanne Bijlstra, Lotte Donath en Marleen Reenders. Tuskentroch die Dansschool Biersteker/Plubos wat werom: 8-2. Dat wie ek de einstân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)